As Ea-skûtsjefan is de wedstrydsilerij én de ferslachjouwing op dizze side gewoanwei it ding dêr't it om giet. Mar dizze kear giet it ferslach oer loftsilerij. Mei tank oan de Rabobank Burgum-De Lauwers koene in tal belutsenen fan it Eastermarder skûtsje mei in wiere ballonfeart mei. De lokkigen wiene de winners fan it foklûken op it Eastermarder doarsfeest, in nije donateur, in besteande donateur (troch lotsjen útkeazen), in winner fan de skûtsjepoule (hâlden ûnder de sponsors) en in bemanningslid. Op it lêste stuit foelen twa minsken om ferskillende reden út en mochten twa bestjoersleden harren plak ynnimme.
Sadwaande hongen, samar op in tiisdeitejûn yn septimber, Lieke de Vries, Kees de Groot, Harry van der Woude, Sjoukje Tadema, Rob Krimpenfort en Rienk Vlieger boppe Eastermar en swaaiden nei de efterbliuwers op 'e Komerk.
It wie kalm en rêstich waar, mar wol grys. De hiele dei hiene wy de sinne noch net sjoen. Mar dat soe letter feroarje.
Us gasthear en ballonfarder/skipper wie Jan Bosma fan it Hearrenfean.
Justjes nei seizen sweefden wy fan Eastermar mei in hiel starich gongkje de kant fan de Tike út. Prachtige útsichten fansels, oer it doarp, de Leien en fierder. Wy koene sels Skiermûntseach yn de fierte lizzen sjen. Boppe de Tike like it of hongen wy stil. Reden foar ús skipper om it hegerop te sykjen. It gas waard even flink iepenlutsen en dêr giene wy. Dwers troch it tsjokke, grise wolkentek hinne om justjes letter yn it sintsje te sitten. Apart om mei te meitsjen dat 'boven de wolken altijd de zon schijnt' en it skaad fan de ballon (mei in halo der omhinne) op de wolken te sjen wie. En ûnder ús tichte mist. Wy wienen wier even tusken himel en ierde op oardel kilometer hichte.
Ienkear wer werom op ± 400 meter wie der dochs in koeltsje, makken wy in bytsjee faasje en farden de Wâldwei oer. Foarby Aldegea waard it spannend; komme wy noch foar of nei de Wiide Ie del?
It waard krekt, mar dan ek krekt foar it wetter. Dit ta aldergeloks fan de folchauto's want oars hiene dy in ein omride moatten.
Jan Bosma is in hiele kundige ballonfarder en soarge dat syn mand mei passazjiers hast sûnder stuitsjen de grûn rekke, Sûnder wiet pak, skuorren, brutsen bonken of blauwe plakken koe eltsenien it griene gers tútsje doe't wy fan board mochten.
Ien kear wer op 'e grûn waard de ballon mei alle oanwêzigen fluch opteard en koe de boel wer ynpakt. De boer wie bliid mei syn fleske beerenburch (tradysjoneel kado foar de lâneigner dêr't de ballon del komt) en de 'balloniers' waarden op passende wize doopt ta jonkhear en jonkfrou 'fan Eastermar oant Aldegea' mei in oarkonde der op ta.
It wie ris hiel wat oars as it wetter yn de warring en de kloaten foar it blok.
RV
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 juni 2022
Eastermar is...
...seis biertanks foar it doarpsfeest. Mar soe dat genôch wêze? Fierder lêze »