Wylst ‘De Beurtskippers’ fan Surhústerfean entûsjast songen, stapten ôfrûne freedtejûn de genoadigden foar de jubileumjûn fan it 100-jierrich bestean fan ús doarpsskûtsje oan board fan rûnfeartboat ‘De Harmonie’. By dizze gasten wie ek doarpsgenoat/deputearre Tineke Schokker.

jubileum skûtsje

Om goed sân oere starte de fartocht oer Burgumer Mar en in stik fan it P.M.-kanaal. Yn syn jubileumspeech ferwolkomme foarsitter Wijbe Postma sponsors, helpers by de ferbou fan it skip, (âld-)bemanningsleden en parse. Hy referearre oan de geweldige stipe dy’t de Stifting It Eastermarder Skûtsje kriget fan ‘e doarpsmienskip op sawol finansjeel, fysyk as emosjoneel gebiet. De wurdearring foar dy stipe hat stal krige yn it besoargjen fan in boekwurkje – yn ‘e foarm fan wat hjoed de dei in ‘glossy’ hyt – by alle ynwenners fan Eastermar, Heechsân, Skûlenboarch en Wytfean.

Sa’n glossy waard symboalysk as earste eksimplaar oan Tineke Schokker oerhandige. Yn har tankwurd makke frou Schokker dúdlik dat it Eastermarder skûtsje op provinsjaal nivo goed bekend stiet en dat de prestaasjes fan bemanning en skip yn Ljouwert mei bewûndering folge wurde. Under de fartocht fertelde skipper Geale Tadema oer de aktiviteiten dy’t nedich wiene om it skip fan wenark om te bouwen ta in wedstriidfeardich skûtsje. Syn ferhaal waard mei grut applaus beleanne, benammen om’t dy hiele ombou yn it earste healjier fan 2007 syn beslach krige. In heikerwei! Ek dêrby ha Eastermarder frijwilligers in grutte rol spile.

Fierder testen Rienk Vlieger en Oebele Brouwer de skûtsjekennis fan ‘e gasten yn ‘e kwis ‘huodsje-op-huodsje-ôf’. Ek waard de jubileumkommisje, besteande út Sees Tadema, Heymen Jansen en Rienk Vlieger yn ‘e blommen set om harren sa te betankjen foar har tiid en ynset. As oantinken oan dit jubileum ûntfong de famylje Tadema fan it stiftingsbestjoer in buordsje yn 'e foarm fan in swurd.

Nei’t it selskip wer oan wâl gien wie op it eilân fan ‘e Komerk toande Klaas Land it troch him skildere jubileumkado foar ‘it doarp Eastermar’: in prachtige ôfbylding fan it skûtsje op ‘e binnenkant fan it durkslûk. It selskip hat doe de jûn ôfsletten mei in gesellige sit yn ‘Meerzigt’, dêr’t ek in útstalling oer Eastermar as skûtsjedoarp te besjen wie. Mei in troch Nynke de Jong gravearre skûtsjeglês koe eltsenien, wakker op ’t skik oer dizze noflike jûn, op hûs oan.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: