Yn dizze tiid fan ‘t jier dy’t ek wol bekend stiet as ‘de donkere dagen voor Kerstmis’ jout de kontoerferljochting fan ús doarpsskûtsje in feestlike oanblik. Saterdeitemoarn 9 novimber hat in tal stiftingsbestjoersleden dwaande west om dy ferljochting wer oan te bringen. Under de saakkundige lieding fan ‘ljochtmaster’ Oebele Brouwer binne de kabels mei de pitten en it seilteken ‘Ea’  teplak hongen. Trochdat dizze ljochtkabels by de minsken fan it bedriuw DRS (Noardburgum/Eastermar) neisjoen binne en hja ek wat sterkere pitten leverje koenen, stiet it gehiel der wer tiptop by. By tsjuster is fan fier ôf it silhûet fan it Eastermarder skûtsje te sjen en dat jout in fertroud gefoel by it thúskommen. Dat fertroude byld bliuwt oant mids febrewaris, want dan is it ‘EA-ljochtbarren’ wer dien… 

skutsje verlichting

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: