Mids desimber ferline jier koenen wy op ‘e doarpshiemside www.eastermar.nl lêze dat de wyn foar de sutelaksje oangeande ús doarpsskûtsje net oan te slepen wie. Der hong in rekord yn ‘e loft… No, dat rekord is mei glâns en gloarje brutsen: der binne 1520 flessen ferkocht!

Dit geweldige resultaat is yn it foarste plak te tankjen oan ‘e keaplust fan ‘e wyndrinkers yn Eastermar en wide omkriten. Mar ek de frijwilligers dy’t mei flessen en doazen read, wyt en rosee by de streek wienen, fertsjinje in grut komplimint.

Hjirmei blykt mar wer dat ‘it doarp Eastermar’ grutte stipe kriget út it doarp en dat der by bedriuwen sympaty foar de skûtsjeaktiviteiten is.
Foar ús, it stiftingsbestjoer, is sa’n resultaat in ekstra oantrún om ús ek yn it jier 2011 yn te setten foar ús skûtsje.
Allegearre dy’t meiwurke ha om dit foarmekoar te krijen wolle wy tige tank sizze foar har krewearjen.
Tsjoch!

Ut namme fan it stiftingsbestjoer,
‘It Eastermarder Skûtsje’,
Wijbe Postma (foarst.)

wynetiket

Mear skûtsje- en Stiftingnijs: