kwisOp 13 juny o.s. sil de hiele Burgumer Mar fol wêze mei wedstriidskûtsjes. Foar it earst sûnt lange tiid wurdt der wer wedstriidsyld mei dizze prachtskippen.
Op www.skutsjesilenynewalden.nl kinne jimme it hiele programma sjen. Dus wat der bart op de Mar, mar wis ek alles yn it eigen doarp. Benammen ús hoareka-minsken binne der drok mei dwaande en al dy festiviteiten begjinne yn Eastermar al op freed de 12e juny. Mis it net!

Der is in mooglikheid om it silen fan hiel tichtby te sjen op de prachtige nostalgyske salonboat  ‘Gaasterland’. De kaarten wurde ferkocht by Meerzigt en de Parel. Online reservearje kin ek fia www.hotelmeerzigt.nl/skutsjesilen.

Mar... as jimme meidogge oan de folgjende kwis kin it sels om 'e nocht. Elkenien kin meidwaan. Jou it antwurd op fjouwer fragen. Op 5 juny sjogge wy wa’t yn oanmerking komt foar ien fan de tsien fergese kaarten op de ‘Gaasterland’. Dan kinne jimme moarns op ús útnoeging de Mar op om ús eigen skûtsje oan te moedigjen.

It Stiftingsbestjoer

»» Helaas, de yntsjoertiid rûn oant 5 juny, de winners wurde op dizze side bekend makke »»

Salonboot Gaasterland

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: