It plakje by de âldbrêge is wer leech. Us eigen Eastermarder skûtsje hat syn fêste lisplak wer ferlitten om him yn de kommende wiken ta te rieden op de IFKS-wike.
Wis, wy hienen op 19 juny graach op it eigen wetter van de Burgumer Mar sjen litte wollen hoe't it nije túch der by stiet. En hoe't de ferhâldings no lizze mei de skippen út de heechste A-klasse. Spitigernôch koe dat net trochgean yn ferbân mei de te hurde wyn.
No leit it skûtsje by Terherne en letter yn de moanne by Heech. Net dat dêr de marren grutter of djipper binne (wat grif wol sa is)  mar fral om't in soad oare skûtsjes dêr mei trainingen dan ek te finen binne. En pas as jo sile tsjin mannen as Douwe Visser, Delmer Los of Tony Brundel, dan witte jo wat jo kinne. Dan kinne Geale en syn mannen ek sjen litte wat it skûtsje nei al de ferbetteringen docht.

Op saterdei 7 augustus set de IFKS útein yn Hylpen. De lêste wedstriid is in wike letter op de Lemmer. Wy ferwachtsje "it Doarp Eastermar"  dan de deis dêrnei werom yn eigen doarp.

Skipper en bemanning: sukses!

it doarp Eastermar
(Training op 'e Burgumer Mar, foto Berend Drent)

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: