De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsgjirrich hoe’t har fartocht ferrinne soe. Soe it drûch bliuwe? Stie der wol genôch wyn? Passe dy swimfesten wol? Moatte wy sels ek noch helpe oan board?
Al dizze fragen koenen nei in dik oere farren mei JA beantwurde wurde. Der stie sels safolle wyn dat der sa no en dan in behoarlike hekgolf achter it skûtsje stie. Der moast wurke wurde oan de lier, de grutskoat, de fokkeskoat en de swurden moasten betsjinne wurde. Al dat wurk makke dat hja sin oan wat krigen en toarstich waarden. Ek yn dat ferlet waard foarsjoen.
Om't der in dikke bui driigjend boppe de Mar kaam te hingjen besleat skipper Geale Tadema mei syn bemanning om wat koarter te silen. In goed beslút, want doe’t it doarp Eastermar wer fêstlei, kamen de earste drippen al. Noch gau kaam de groep – besteande út 6 âld-achtstegroepers en 8 bern dy’t no yn groep 8 sitte – op ‘e foto en krigen resp. in Ea-rêchtas en Ea-pet en setten op hûs oan.
De jûns om goed 18.30 oere siet der op it Breedsichtterras alwer in ploechje klear om mei it doarpsskûtsje de Burgumer Mar op. Dit kear wienen it folwoeksenen dy’t donateur binne of wurde woenen. De dielnimmers oan dizze silerij kamen út Koatstertille, Kollum en fansels út Eastermar. Al mei al sa’n 8 persoanen en dan ek noch wat bestjoers- en bemanningsleden fansels.
Like it by it farren op ‘e Lits dat de wyn it sitte liet, mar ien kear op it romme wetter die bliken dat der noch in moaie koelte stie en der goed syld wurde koe. Op ‘e ein fan ‘e tocht waard der genoaten fan de prachtige jûnsloften dy’t de sakjende sinne it selskip bea. In part fan dizze farrenslju hat ek noch in gesellige neisit hân yn Breedsicht.
Dizze beide SIES-aktiviteiten kinne de kwalifikaasje ‘Tige Slagge’ krije.
Wijbe Postma (foarsitter SIES)
Jeugdsilen Skûtsje Ea 2022





Fotobydrage fan Wijbe Postma
Donateursilen Skûtsje Ea 2022













































Foto's donateursilen troch Rienk Vlieger en Annet Kuipers
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 29 augustus 2023
Neipetear IFKS-wike 2023
De spannende IFKS-skûtsjewike waard troch Team Eastermar yn Restaurant de Wallenberg gesellich ôfslu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 augustus 2023
IFKS 2023 dei 7: Lemmer 2
It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2023
IFKS 2023 dei 6: Lemmer 1
Bysûnder, bysûnder, bysûnder It wie in hiel aparte gong fan saken hjoed yn ‘e Lemsterbaai. De oankun... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze »