De donateurs fan St. it Eastermarder Skûtsje dy't de lêste freed fan novimber al fêstlein hiene yn harren bûsboekje, moatte noch even geduld dwaan. Mar it goeie nijs is dat op freed 22 febrewaris 2013 in donateursjûn plakfine sil op it fertroude adres: Meerzigt (of dan miskien wol Iissicht) yn Eastermar.
Efter de skermen binne bestjoer en bemanning drok dwaande om foar dizze jûn in oantreklik programma gear te stallen. Yn de nijsbrief, dy't yn jannewaris ferstjoerd wurdt, sil mear oer de donateursjûn te lêzen wêze.
Wilens wurdt it skûtsje ree makke foar de winter. De wedstrydmêst is mei help fan de bemanning en materiaal fan Brouwer & Brouwer en Combex ferfongen troch de 'âlde' mêst. Swurden en oar houtwurk binne wer opburgen foar de winter en krije meiertiid in nije laach lak. Ein novimber komme de ljochtsjes en de 'Ea' wer yn it skûtsje te hingjen en sille sa soargje foar in sfearfolle yntree fan it doarp. Wy krije help fan DRS om dit jier de ljochtsaken wer goed foarinoar te krijen.
Wynaksje
Yn desimber sil de tradisjonele wynaksje wer plakfine. Fertsjintwurdigers fan de stifting komme mei listen del om bestellings op te nimmen. Fansels is der wer de kar tusken read, wyt en rosee en hawwe de flessen wyn wer it fraaie 'Ea' etiket. De kosten binne € 7,50 de flesse of € 40,- foar in doaske fan seis flessen. Dit doaske kin ek in miks wêze fan de trije soarten.
Mei freonlike groetnis,
St. it Eastermarder Skûtsje
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze »