It stiftingsbestjoer fan ús doarpsskûtsje is sa wiis as in protter: Brouwer & Brouwer ha oanjûn noch trije jier de rol fan haadsponsor ferfolje te wollen. De hearen Rienk en Albert Brouwer ha dat de ôfrûne wike stal jûn troch it tekenjen fan in nij kontrakt dat rint oant mids 2019 (sjoch foto). Rienk en Albert ha dat dien mei deselde motivaasje as trije jier lyn: “Wy fine dat ferbining tusken ús bedriuw en ‘it doarp Eastermar’ tige sinfol is. Fanâlds wie in skûtsje ít ferfiermiddel om grûn fan it iene nei it oare plak te bringen en de basis fan ús aktiviteiten leit ek yn it grûnferset. Fierder fine wy it fan belang dat wy as Eastermarder bedriuw fernimme litte dat wy it promoaten fan ús doarp in goede saak fine. De ôfrûne trije jier ha ús goed foldien en wat dat oangiet is der gjin beheining om nochris sa’n perioade troch te gean."spo
De Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) wie by de tekensessy fertsjintwurdige troch de foarsitter, dy’t ek de foto makke. Hy spruts syn wurdearring út foar de positive ynstek fan B & B.
Fierder wiist hy hjirby de lêzer fan dit stikje derop dat it hiele skala oan sponsors te finen is op dizze hiemside ûnder de ‘knop’ ferienings en dan St. It Eastermarder Skûtsje oanklikke.
Wijbe Postma (foarsitter)
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 juni 2020
Eastermar JO13 in nieuwe shirts gestoken door slagerij Otte Boersma
Achterste rij van links naar rechts: Jesper Tadema, Ytsje Posthumus, Stefan Dijkstra, Jacob Jan Boer... Fierder lêze »