Okkerdeis hat Taeke Offringa ôfskied naam as bestjoerslid fan St. It Eastermarder Skûtsje. Taeke hat sûnt de oprjochting fan de Stifting lid fan it bestjoer west mar no hat er oanjûn net genôch tiid mear te hawwen om syn bestjoerstaken foar de folle 100% út te fieren. It muoit him tige dat er konkludearje moast dat it better wie om op te hâlden. Hy hat tasein om yn de takomst it dwaan en litten fan de Stifting op de achtergrûn te folgjen.
De oare bestjoersleden koene net oars as begryp toane foar de sitewaasje en moasten omsjen nei in nije kandidaat. Dy is fûn yn de persoan fan Heymen Jansen. Heymen is by in grut tal Eastermarders bekend as de man dy't mei Ada Roelants delstrutsen is op 'e ein fan 'e Beimastrjitte yn it pân fan Hotel/Theater Meerzigt. Heymen is ek al aktyf yn de aktiviteitekommisje fan Stichting Skûtsjesilen yn 'e Wâlden en is dêrom in poerbêste kar.
Boppedat is Heymen opgroeid yn de tradysje fan de fiskerij op de Sudersee. In tradysje dy't grutte oerienkomsten hat mei de tradysje fan it skûtsjesilen. By it skûtsjesilen giet it fral om it heljen fan in goed resultaat yn de wedstriden, mar fierder spylje deselde gebrûken, âlde skippen en ambachten in grutte rol, neffens Heymen.
Heymen Jansen
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze »