Tradisjoneel binne de minsken fan it Eastermarder skûtsje foar de krystdagen drok dwaande mei it útsuteljen fan alle wynbestellings. Dit bart al in tal jierren mar dit jier is de wynferkeap boppe alle ferwachtings. Us 'foarriedman' Sipke meldt dat wy der skjin trochhinne binne, wylst alle bestellings noch lang net by de minsken thúsbrocht binne. It kin dus wêze dat jo bestelling noch even op him wachtsje lit. Mar de wyn (wy binne dit jier oergien fan in Frânske op in Spaanske, dus miskien is dát it…) sil der net minder om smeitsje.

De finansjele ynstruier is hiel moai, neffens ponghâlder Evert Lijzenga. It ôfrûne jier binne der grutte útjeften dien yn de foarm fan in nij túch en oare saken, dus de ponge wie sa goed as leech.

Wa't gjin 'wynopnimmer' oan de doar hân hat, kin in bestelling dwaan fia . De flessen read, wyn en rosee mei skûtsje-etiket kostje € 7,50 of in doaske fan 6 flessen (nei eigen smaak) € 40,-. Neffens de kenners is de wyn 'poerbêst'. Tsjoch!

wynaksje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe