Stifting it Eastermarder Skûtsje

Foar it silen mei donateurs fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) op freedtejûn 14 sept. n.k. is noch plak foar in tal stipers fan ús doarpsskûtsje.

Dyselden dy’t mei wolle kinne har opjaan by Wijbe Postma (tel. 0512 471615 of 06 22310712) of fia e-post:
De dielnimmers sammelje har om 18.00 oere op it terras by HerbergH De Parel en it skûtsje stekt om 18.15 oere fan wâl. Der sil sa’n oardeloere op ‘e Mar fearn wurde.
Sa is men foar tsjuster werom.

 logo eastermarder skutsje

It beheljen fan it IFKS-kampioenskip yn 'e A-klasse troch it Eastermarder skûtsje is foar de organisaasje fan it Easterbarren reden om foar in ekstra huldiging romte te sykjen yn har programma fan saterdeitejûn. Dat is slagge.

De prestaasje sprekt sa ta de ferbylding fan 'e Eastermarders dat de bemanning fan it doarp Eastermar nochris yn 't sintsje set wurde sil. De planning is dat skipper Geale Tadema en syn ploech tusken 19.15 en 19.45 o. op it doarpsplein troch it bestjoer fan Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) ûntfongen wurde sille om it sylresultaat '18 mei belangstellenden te fieren.

Kampioensploech

logo-SIES

Yn dizze kategory wurde artikels publisearre fan stifting 'it Eastermarder Skûtsje.

De Ea in actieIn deze artikelen worden berichten gepubliceerd betreffende de wedstrijdresultaten van de 'Ea'.

Ons twitteraccount is @Skutsje_Ea
En we zitten ook op Facebook.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe