Tema: sport & spel
Haadsponsor: Bouwbedrijf Swart
Op 30 augustus sil Eastermar wer brûze.
Fan 14.30 oere ôf diskear. Dus tink dit jier om ’e tiid: we ha it festival mei in healoere ferlinge. En fersit de iepening net want dy sil fersoarge wurde troch Iris Kroes.
Om 15.00 oere kin men wer terjochte by sa’n 12 podia, it skûtsje, in 7-tal eksposysjes, 3 terrassen en tal fan strjitartysten, sportdemonstraasjes ensfh. Moai dat 'it Eastermarder skûtsje' syn skip wer beskikber stelt as poadium. Dit jier net mei sjongerij mar mei ferteller Age Veldboom út Earnewâld dy’t mei in grap en in grol fertelle sil oer it silen en it libben eartiids oan board fan de skûtsjes.
De eks-pupillen fan Bernesirkus Saranti ha no in eigen groep: Saranti XL. Se sille harren keunsten fertoane op it Harstepaed. Ek op it Harstepaed stiet Harrie Harrewar. In akt mei bisten en in sirkusdirekteur: foar bern én âlderen. Op de Teye Tolstrjitte sil Veldboom Outdoor út Earnewâld in survivalbaan meitsje foar demonstraasjes en foar jong en âld om sels ekris te besykjen. Boppedat kin der klommen wurde op in mobile 'klimwand'. Ek is der in protte dûns diskear, û.o. fan Froukje Schotanus.
By poadium ‘it Waltsje’ en yn de teaterseal fan Meerzigt is it Dam Jaarsmapoadium. Guon optredens sille dêr Dam Jaarsma as tema ha.
Fierder wer koaren, de Lofstem fan Sumar, solisten lykas Jaap Louwes en Gerbrich van Dekken ensfh. ensfh. Jûns sil de band Sa en Oaren it festival ôfslute.
Graach sjogge we jim allegear wer op dit 14e Easterbarren!
St. Easterbarren
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 april 2022
Containerdrummers in Eastermar
Zaterdagmiddag 9 april 2022 was de première van de nieuwe show van de containerdrummers van De Marko... Fierder lêze »