Op saterdei 31 augustus sil it wer heve: It Easterbarren!
Middeis trije oere is de daverjende iepening mei de Joost Wiersma Fanfare en de sjongeressen Tet Rozendal en Jannie Brandsma.
Fan healwei fjouweren ôf is der op alle oare 12 poadia wat te rêden. Men sil eagen en earen tekoart komme mei it grutte ferskaat oan muzyk, dûns, toaniel, eksposysjes en strjitartysten.
Dit kear in primeur: Easterbarren giet ynternasjonaal. Der komme Russyske strjitmuzikanten en in Dútske gûchelder. De bern fan it AZC fan Burgum sille harren dûnskeunsten fertoane.
Dit jier in (hast) kompleet nij oanbod fan artysten bgl. It Orkest voor Zieken en Zeevarenden, Sjock, Inez Timmer, The Gobblers, The Young Bunch ensfh. ensfh. Compatible is de Russyske groep dy’t je alhiel yn ferwarring bringe kin; men sjocht muzikanten mei tuba en akkordeons mar heart in grut tsjerkoargel. In sensaasje! Net fersitte!
Foar de bern is de Balloonimpressor der wer: Arne Wielhezen is berops-ballonneman en dat is te sjen. Fierders sille de Eastermarder bern sels ek optrede mei harren bandsjes of mei streetdance. Men kin wer mei it skûtsje de Mar op ûnder it gesang fan de Alde Gea Sjongers of de Swemmersjongers. Fansels binne ús fêste-prik-artysten der ek wer: Gurbe Douwstra en Gerbrich van Dekken, GeDoBr, Adri de Boer en Lechery mei muzikaal talint út eigen doarp. Fierders út eigen doarp twa koaren, The Cube, Sije en Opselen.
Dit alles mei in grut ferskaat oan mooglikheden om wat te iten en te drinken op de 4 terrassen.
Tagong en parkeare fergees.
Joost Wiersma Fanfare
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 april 2022
Containerdrummers in Eastermar
Zaterdagmiddag 9 april 2022 was de première van de nieuwe show van de containerdrummers van De Marko... Fierder lêze »