Bêste doarpsgenoaten,

De kûgel is troch de tsjerke. Minister Rutte is dúdlik: alle festivals en eveneminten oant 1 septimber kinne gjin trochgong fine. Dat betsjut ek dat edysje 20 fan it Easterbarren dit jier net trochgiet. Wy wiene as Stifting al fol úteinset en it programma stie sa goed as hielendal. Mar hoe spitich dit ek is, wy kinne net oars, wy hawwe no mei ús allen in nije mienskiplike missy: om ússels en ús neisten tinke, want sûnens is in grut goed, docht no wer bliken Dat betsjut dat wy edysje 20 dan it oare jier (2021) wer oppakke en wy hoopje der dan mei ús allen in ekstra moai feest fan te meitsjen, want wat yn’t fet sit...

Alle frijwiligers, bouwers, cateraars, artysten, gemeente Tytsjerksteradiel, sponsoren, donateurs, besikers en wa al net mear, moai dat jim wer ree wiene om te helpen. Wy hoopje dat jim tasizzing fan dit jier jildich bliuwt foar 2021. It wurdt faak sein mar sûnder jim is der wier gjin Easterbarren mooglik. Tank derfoar en allegear oant sjen op Easterbarren 28 augustus 2021.

Stifting Easterbarren

easterbarren bb

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen