Al in jier as wat waard troch in tal (âld-)Eastermarders de winsk utere dat ús doarp feitlik ek in skûtsje ha moast. Yn it ferline leinen hjir ommers op Snakkerbuorren wol in stik as sân fan dizze frachtskippen. Wat soe’t moai wêze en bring in lyts stikje fan dy tradysje werom. Ein 2006, begjin 2007 wie’t safier: de famylje Tadema, fanâlds Eastermarders, kochten in wenark en hast tagelyk rjochte in ploech syl-entûsjastelingen in stifting ta stipe fan it skûtsje op. It skip – in yn 1911 op Schilkampen boud skûtsje ûnder de namme ‘De Vijf Gebroeders’ – waard yn ‘e maitiid folslein restaurearre en sylklear makke foar dielname oan de IFKS- wedstriden fan 2007. Dêrby ha in soad Eastermarder frijwilligers aktyf west.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »