Sûnt in lyts wike leit ús doarpsskûtsje by de opslach op ‘e ein fan Snalkkerbuorren. Nei’t de winterferljochting ferwidere is, binne meikoarten de earste hannelingen. om it skip wer wedstriidree te meitsjen nedich. It nije sylseizoen ferget wer syn drokten. Kommende saterdei (23/2) wurdt de âlde mêst fan ’t skûtsje helle. Dy kriget wer syn simmersliepplak by Bouwe de Jong oan ‘e Sumarderwei. It roer wurdt dy deis wer achter it skip hongen. De skea oan dat roer, oprûn by de oanfarring op ‘e Tsjûkemar wêrby’t de skipper oerboard rekke, is de ôfrûne moannen repareard. Dat it roer moat pleatst wurde, want sûnder roer – mei de oanhingmoter dêroan – komme je net sa fier. It doel is ntl. dat ‘it doarp Eastermar’ dit wykein nei de stêdDokkum fart.
Yn Dokkum sil it ûnderwetterskip goed besjoen wurde. Om dat klear te krijen moat it skip fansels út it wetter tild wurde en op ‘e wâl set. Dan sil it skûtsje ek wer kreas yn ‘e ferve komme, mei ekstra omtinken foar it ûnderwetterskip, want… gong is alles. It is noch net dúdlik wannear’t de wedstriidmêst pleatst wurde kin, want dêr moat ek noch ûnderhâld oan plakfine.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »