Drege startdei Ea-skûtsje
Hjoed, Himelfeartsdei, wie de earste dei fan ‘e kombinearre SKS- en IFKS-silerij Lemmer Ahoy ’19. Yn klasse 1, SKS en IFKS A-klasse grut, starte fannemoarn om 10.30 oere ús doarpsskûtsje. Der stie yn ‘e Lemsterbaai in bêste pôle wyn, krêft 5, en dus wie it oanpoatsjen foar de Eastermarders. Mar tsjin averij falt net te poatsjen.
Yn it earste krúsrak nei de boppeste tonne gie it foardiel fan ‘e goede start eins ferlern, omdat ús ploech it skip net ‘oan ‘e praat’ krige. By de healewynse tonne hie skipper Geale it hiele fjild fan sa’n 21 skippen op trije nei foar him. Dat wie ek de folchoarder by de finish fan ‘e earste wedstriid.
Ek yn ‘e middeissilerij wie de start goed, mar siet it Lemster skûtsje it doarp Eastermar dwers en waard der wer yn ’t achterfjild syld. By it foar de twadde kear gijpen fan ‘e boppetonne bruts de lummel. De skea oan dit draaipunt fan ‘e gyk makke fierder silen ûnmooglik en de bemanning helle it túch del en moast it wedstriidwetter ferlitte.
De oprûne skea wurdt sa gau mooglik hersteld en de ferwachting is dat der de kommende 2 dagen wol wer syld wurde kin op ‘e Lemster baai.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 mei 2025
Stichting Iepenloftspul Eastermar komt foar ‘t ljocht
Earste ynfojûn 7 maaie grut súkses As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:‘Jo kinne jo mar b... Fierder lêze »