In ôfdijer
Dan wrotte jo der tsjinoan om it iten op 'e tiid klear te krijen, jo stowe nei De Lemmer, sykje dêr in parkearplak, sjouwe mei doarpsflagge en klapstuoltsje yn in sânstoarm, dy't jo suver straalt, rjochting dyk fan 'e Lemsterbaai en dan... "gean mar wer werom, want it giet net troch!" Dan tankje jo de wedstriidkommisje út 'e grûn fan jo hert foar dizze – lykwols tige terjochte! – beslissing.
Want dat der net syld wurde koe wie foar eltsenien dúdlik: in wynkrêft 6 mei pûsters nei 7 makke dat de feilichheid fan minsken en materiaal net garandearre wurde koe en dan kinne jo mar ien ding dwaan en dat is ôfblaze. Dêr ha wy yn Eastermar ek wol wat ûnderfining mei...
Op 't folchskip 'De Gulden Belofte' wie men it der folslein mei iens dat it ôflaskingsbeslút naam wie. "Mar", sei skipper Geale Tadema, "wy, en de nûmers 5 en 6, hienen der noch wol foar sile wollen. Mar, hawar, it waar kinne wy net stjoere."
Alles oereidzjend kin dizze IFKS-wike as suksesfol bestimpele wurde: einige as 4e yn 't algemien klassemint mei in prachtige dei-oerwinning op Sleat. It ferbliuw op it folchskip fan Bertil Vermeulen en Ibora Zant wie foar bemanning en gasten wer perfekt en de sponsors ha op freed ek in moaie dei hân.
As gefolch fan in mienskiplik beslút fan stiftingsbestjoer, eigenaren en bemanning sil de ynkomst fan 'it doarp Eastermar' snein net mei 'toeters en bellen' wêze: bemanning en oanhang komme yn 'e neimiddei op 't gewoane lisplak oan en ha in neisit yn Meerzigt.
Foto's: Rob Krimpenfort
-
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »