Yn Ychtenbrêge in 5e plak!
De wedstriidkommisje fan Ychtenbrêge hie op 'e Tsjûkemar in wedstriidwetter útlein mei in op-en-del-baan mei in 'gate' (twa tonnen dy't de mooglikheid jouwe om in bakboard- of stjoerboardrûte te kiezen) en in boppeste tonne mei 'spreader' (in boei dy't tefolle gedrang by dy boppeste tonne tefoaren komme moat). Dat soks syn útfallen ha kin die hjoed by de dielnimmende skûtsjes wol bliken.
'It doarp Eastermar' keas daliks nei de start foar in bakboardslach op nei de boppeste tonne. Dat krúsrak pakte goed út want ús doarpsgenoaten kamen as 2e - nei 'De Drie Gebroeders' (Arend Wisse de Boer) - om dy boei hinne. Oft der by dy aksje of earder al wat barde dat reglemintêr net doocht wie foar de taskôger net goed te sjen, mar feit is dat skipper Geale Tadema in protestflagge yn 't want hie. Tsjin Sikke Heerschop ('Wylde Wytse')? Oft dat protest hanthavene is oant nei de finish, is ús no ek noch net bekend.
Yn de folgjende rûtes koe it twadde plak net fêsthâlden wurde en sa sakken Geale en syn bemanning stadichwei nei in 6e plak. Sterk silen fan 'e konkurrinsje besteande út Michiel Kalsbeek ('Raerder Roek'), Sikke Heerschop ('Wylde Wytse'), Jeroen de Vos ('Eelkje II') en Froukje Meijer ('Jonge Jasper'), wie dêr mei de oarsaak fan.
Sa waard ús ploech as 6e by de finish ôfsketten en nimme hja it 5e plak yn 't algemien klassemint yn. Mocht it earderneamde protest trochset wurde en geunstich útfalle dan sit der miskien noch in hegere deiklassearring yn.
Laatste nieuws: Wij hadden een protest tegen Sikke Heerschop/Wylde Wytse en dat is gewonnen. Daardoor zijn we niet 6e maar 5e geworden! In het totaalklassement bezetten we nu een gedeelde 4e plaats. De gecorrigeerde uitslag staat onderaan.
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze »