De útdrukking 'Oefening baart kunst' giet net op as it om it starten by ’t skûtsjesilen giet. Dat waard fannemiddei op de Sleattemer Mar wol dúdlik doe’t de float fan 16 skippen trije (!) kear in falske start hie. De fjirde kear koe de wedstriid einlings los. Foar Jonge Jasper (Froukje Osinga/Frjentsjer), Grytsje Obes (Arjen de Jong/Koudum) en Raerder Roek (Sijmen Kalsbeek/Raerd) wie de sylwille samar oer om't dy trije dochs wér in falske start hienen en by de boppetonne it wedstriidwetter ferlitte moasten. Dyselde fjirde start wie foar it doarp Eastermar ek ûngelokkich, want it moast wike foar in oar skûtsje en rekke dêrtroch it startskip hast midskips, moast in ekstra rûntsje draaie en gie as lêste (16e) oer de startline.
De Olympyske baan dy’t de Sleattemer kommisje op ‘e mar útset hie, lei foar de taskôgers by it strântsje in hiel ein fuort, sadat dy in grut part fan it skouspul misten. Yn de wedstriid wie lykwols genôch te belibjen. Dêr kaam by dat Tony Brundel (De Gastmer) mei syn Lytse Lies ferbiten yn ‘e striid siet nei it ôfsnobjen juster fan in hast wisse oerwinning troch Ingelskman (Sikke Heerschop/Rotterdam). It wie in prachtich en sportyf duel tusken dy beide. Mar úteinlik luts Lytse Lies oan ’e langste ein en gie as earste oer de finish.
Beslist it neamen wurdich is ek de geweldige ynhelaksje dy’t ús doarpsskûtsje sjen liet. Fan it lêste plak ôf sylde skipper Geale Tadema mei syn bemanning nei in 7e plak by de finish. In prestaasje fan formaat sjoen it mislearjen fan de start. Ek in bewiis dat it doarpsskûtsje kwa snelheid neat foar de oaren ûnderdocht, want jo helje net samar eefkes yn fjouwer rûtes 6 konkurrenten yn. Dit fenomeen hat him yn de foarige wedstriden ek foardien. De útspraak fan ien fan ‘e bemanningsleden yn dit ferbân seit genôch: “As wy goed starte, sjocht it hiele fjild ús net wer!”
No sa…
Yn it algemien klassemint stiet ús ploech no op in 6e plak.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »