IFKS dei 3 – Heech 1
By de earste wedstriid fan hjoed op ‘e Hegemer Mar moast in ‘op-en-del-baan’ ôflein wurde mei boppeyn in tonne plus ‘spreader’ en ûnderyn de ‘gate’. Daliks nei de start wie de slach rjochting de Yndyk en it dêrút folgjende krúsrak beskiedend foar de earste plakken. En by dy earste twa wie ‘it doarp Eastermar’. De grutte konkurrint yn dizze wedstriid waard ‘Lytse Lies’ fan Tony Brundel en dy hie faaks wol wat foardiel fan syn kennis fan it thúswetter.
Yn de earste rûte wie ‘Lytse Lies’ as earste om de boppeste tonne en ús doarpsskûtsje kaam, troch hiel bêst út de start wei te kommen, der deun efteroan. De twadde rûte foel foar ús skipper Geale Tadema ek tige goed út want hy kaam as nûmer 1 om ‘e boppeste tonne. Siet dy winst miskien yn syn kar foar de slach nei ’t soal? Ek yn dy twadde rûte kamen de ‘Lytse Lies’ en ‘it doarp Eastermar’ hast tagelyk by de ‘gate’ ûnderyn en wie der ûnderling spanning wa’t hokker kant opfarre soe: kieze foar de stjoer- of bakboardslach… Hoe’t dat krekt op ’t wetter oerlein en besletten is, wie foar de taskôger net nei te gean, mar it resultaat wie dat ‘Lytse Lies’ it earste plak wer ferovere. In posysje dy’t Tony Brundel net wer ôfstie. Hy en Geale Tadema namen grutte ôfstân fan de efterfolgers en sa besylden de Eastermarders in twadde plak.
De ferrassende winner fan fan juster, Arend Wisse de Boer, einige dizze kear op ’t fyfde plak en troch it resultaat fan dizze wedstriid krûpt ús Eastermarder ploech moai omheech yn ’t algemien klassemint.
IFKS dei 3 – Heech 2
Foar ‘Lytse Lies’-skipper Tony Brundel sil tiisdei 6 augustus 2013 as in memorabele dei yn it ûnthâld hingjen bliuwe: twa kear winne op ’t thúswetter! Mar ‘ús jonges’ ûnder lieding fan skipper Geale meie ek tige wiis wêze mei de útkomst fan dizze sylmiddei: hja waarden yn ‘e neimiddei tredde.
De rûtes ien en twa fan dizze middei wienen foar ‘it doarp Eastermar hast allyksa as de earste wedstriid: earst nei de Yndyk en de twadde loop nei it soal troch de mar. De konkurrinsje wie lykwols grutter, want hja moasten ynearsten neist ‘Wylde Wytse’ (Sikke Heerschop), ‘Lytse Lies’ (Tony Brundel) ek ‘De Drie Gebroeders’ (Freddy v/d Heide) foargean litte. En ‘De Jonge Jan’ (Jelle Talsma) – yn earder tiden bekend as ‘De Poep’ fan Eastermar – siet de fjouwer foarsten deun op ‘e kont. Freddy v/d Heide fersylde him yn ‘e folgjende rûte folslein en kaam yn ‘e twadde rûte pas as alfde om ‘e boppeste tonne. Skipper Geale fear wol in tûke rûte en kaam doe as nûmer trije om dy tonne. Yn dy folchoarder waard de wedstriid útsyld en sels it feroarjen fan ‘e rûte troch in nije blauwe tonne boppe yn it wedstriidfjild te lizzen koe in poadiumplakje foar ‘it doarp Eastermar’ net mear bedriigje.
Jûn by de priisútrikking sil skipper Geale Tadema dus twa kear nei foaren roppen wurde om in twadde én in tredde priis yn ûntfangst te nimmen. Ek aardich om te melden: hy wie tegearre mei Tony Brundel gast yn ’t skûtsjesjoernaal fan Omrop Fryslân televyzje. Wa’t dat mist hat kin it neipetear fia de ynternetknop ‘útstjoering mist’ fan Omrop Fryslân besjen.
-
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »