Nei twa kear werom te moatten fanwege in massale falske start en dus twa ‘algehele terugroep’-situaasjes, koenen de 15 grutte A’s einlings mei har wedstriid begjinne. It wienen der 15 want de Makkumer Zes gebroeders (Klaas Kuperus) koe net starte om't dy ien fan ‘e swurden al by it ynsilen kwytrekke.
It wie foar skipper Geale Tadema daliks yn it earste krúsrek nei de boppeste tonne rekke. Dêr spile in kwestje mei romte-jaan-of-net foar ‘ús jonges en fammen’ en de skûtsjes KL (Merijn van Olsthoorn) en Jonge Jan (Fonger Talsma) wienen dêr ek mei anneks: de protestflagge tsjin de KL yn ’t want by it doarp Eastermar. Hjirtroch kaam ús doarpsskûtsje pas as 14e om de boppeste tonne yn dat alderearste wedstriiddiel.
Dat ek mei dizze wyn – der stie in flinke 4 Bft út it súdwesten op ‘e Iselmar – it skip wol gong hâlde kin, die wol bliken út it ynheljen dat de Eastermarders doe dienen.
Mei in pear tûke slaggen troch de midden fan it wedstriidwetter kaam ús ploech as 11e en 9e yn de folgjende rûtes om de boppeste tonne. Ek yn ‘e lêste rûte helle skipper Geale mei syn bemanning noch trije skûtsjes yn en finishte op in 6e plak. Fan 14 nei 6! As dat net ‘foarútsilen’ is…
Nei ôfrin waard yn ‘e protestkeamer útmakke dat it protest fan ‘e Ea yn dy earste rûte tsjin KL, troch KL trochset waard op Jonge Jan en dat dy dêrfoar straft waard mei 17 punten en dus syn 3e plak ferlear. Sadwaande is dus it einresultaat fan dizze silerij in 5e plak foar it doarp Eastermar. It bealgjen yn dit ‘stoarmwaar’ mei weagen fan sawat in meter heech hat dus net om ‘e nocht west.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 mei 2025
Stichting Iepenloftspul Eastermar komt foar ‘t ljocht
Earste ynfojûn 7 maaie grut súkses As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:‘Jo kinne jo mar b... Fierder lêze »