Hege ferwachtingen nei de kelder
De wyn op ‘e Hegemer Mar wie sa wikseljend dat de organisaasje besleat om de start út te stellen en de olympyske baan om te lizzen nei in op-en-del-baan. De wynrjochtingen wienen sá wikseljend dat ien fan ‘e skûtsjeskippers de term ‘senúweftige wyn’ yn ‘e mûle naam.
Oft de bemanning fan ús doarpsskûtsje dêr in tik fan meikrige is net dúdlik, mar hja sylden in wedstriid dy’t op ‘e kop ferkeard útpakte. It begûn goed. Nei it startskot wie it doarp Eastermar hiel goed fuort en kaam as 4e om de boppetonne. Yn dy posysje setten hja foar de wyn op de ‘gate’ ta. De kar dy’t yn de gate makke waard om wer nei de boppetonne te kommen, bliek achterôf wakker ûngelokkich. Yn it krúsrek dat folge moast ús ploech in fiiftal oer bakboardsilende skippen foargean litte. De tiid dy’t dêrby ferlern gie, soarge foar in 15e plak by de boppetonne yn de twadde rûte. Dy misrekken koe yn ‘e rest fan ‘e wedstriid net mear goed makke wurde. In spitige boel, mar it is no ien kear sa.
Troch in protest dat de organisaasje hie tsjin Tony Brundel, krige dizze skipper fan ‘e Lytse Lies 16 punten oan ‘e broek. Dat soarge derfoar dat skipper Geale en syn bemanning in plak omheech skoden en yn ‘e dei-útslach op plak 14 kamen. Yn it algemien klassemint stiet ús doarpsskûtsje no op plak 11.
It linker rychje is noch net út sicht...
Foto: Klaas Jansma
Dronebyld fan de start: Skydrone Sloten
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »