De útdrukking ‘de earste slach is in daalder wurdich' kin, mei in lytse oanpassing, fan tapassing wêze op ‘e silerij op ‘e Tsjûkemar: ‘de lêste slach is in twadde plak wurdich’. Want yn ‘e lêste rûte sylde ‘it doarp Eastermar’ mei in geweldige slach fan it fyfde nei in twadde plak en finishte sa achter Wylde Wytse (Sikke Heerschop) as twadde.
De wedstriid by Ychtenbrêge wie ynfoege op de ‘rêstdei’ om't de wyn snein by Starum spulbrekker wie. De wedstriid hjoed spile him ôf yn in op-en-del-baan mei in boppetonne plus sprieder en oan ‘e lege kant in ‘gate’. Dêr koenen de skippers kieze tusken it bakboard- of stjoerboard-om farren fan ‘e tonnen. By dy boppetonne nei it earste krúsrek krige ien fan ‘e favoriten, Jonge Jasper (Froukje Osinga), te hearren dat it skip te gau oer de startline gien wie, resultaat: diskwalifikaasje.
Skipper Geale en syn bemanning sylden wer in stabile koers en belânen yn ‘e rin fan ‘e wedstriid fan it 9e en 7e op in 5e plak. Wer moai ‘foarútsyld’, dus!
Dat yn it lêste rek ús doarpsskûtsje dochs noch as twadde einige mei beskôge wurde as in moai kado foar Sees Tadema – jaaah de mem, jaaah de mem, jaah de mem, de mem fan Geale – want hja fierde hjoed har jierdei.
Dit goede resultaat hat fansels in posityf gefolch foar it plak yn it algemien klassemint. Alles mei mekoar wol hiel spannend dit jier en moarn wurdt der nochris by Ychtenbrêge syld. Hjoed stie der by it gemaal al in moaie ploech supporters, mar der kinne fansels altiten mear by. Dus… net stinne: hinne.
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze »