By de earste IFKS-wedstriid fan 2012 op 'e Iselmar by Hylpen helle ‘it doarp Eastermar’ in oansprekkend resultaat: in fyfde plak. Miskien wol mei troch de tsjet (tweet) fan beskermfrou Doutzen, dy't alle belutsenen krekt foar de start sukses winske.
Yn in wedstriid dy't fral bepaald waard troch in swakke en skiftsjende wyn, lei ús skûtsje nei in moaie start al gau yn de foarhoede. Hieltyd by de earste fiif en op in bepaald stuit galme de radiokommentaarstim fan Klaas Jansma dat ‘it doarp Eastermar’ foaroan lei! No oerdriuwt Klaas wolris faker in bytsje en dat kaam yn ‘e lêste rûte ek wol út. Betûfte âlde rotten yn ’t sylfak - Tony Brundel, Jelle Talsma, Jeroen de Vos en Michiel Kalsbeek - makken sadanich gebrûk fan ‘e skiftsjende wyn dat hja ús doarpsskûtsje foarby koenen.
It doel foar dit jier is it linker rychje (dat is by de bêste sân skippen) én in kear op it poadium. Dat moat slagje. Kommende moandei wurdt der syld by Starum en nei hjoed kin dêr mei goede moed oan begûn wurde.
Tip foar belangstellende doarpsgenoaten: op ‘e dyk achter it Multyfunksjoneel Sintrum ‘De Kaap’ hat men in goed sicht op it wedstriidwetter.
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze »