Deiwinner
Wisten de Ea-oanhingers juster net oft Eastermar no wol of net earste wie, hjoed koe sels in bline mol it sjen: 'it doarp Eastermar' kaam mei trije skipslingten foarsprong as earste oer de einstreek. Douwe Tadema torpedearre mei in sprong fan blidens óér it helmhout syn skipper/broer op it achterdek. De oare bemanningsleden foelen mekoar ek om 'e nekke út klearebare entûsjasme. De flaggen kinne yn top. FEEST!
De basis foar dit geweldige resultaat lei skipper Geale Tadema eins al in bytsje yn 'e earste rûte, want mei in lange stjoerboardslach oer de mar kaam ús doarpskûtsje as 6e om de boppeste tonne. Mar yn 'e twadde rûte makken de Eastermarders hiel handich gebrûk fan de striid dy't trije foarlizzende skûtsjes mei mekoar útfochten yn 't foar-de-wynse rak. Dy trije sylden mekoar sadanich yn 'e fernieling dat ús jonges en famkes by de ûnderste tonne it earste plak berikten foar 'De Jonge Jan' fan Jelle Talsma. Dy posysje liet Geale net mear los, sterker noch: foar Jelle waarden de letterkes fan it nammebuordsje op de kont fan ús skûtsje hieltiten lytser... De foarsprong fan 'it doarp Eastermar' rûn fan 20 sekonden út nei 40!
By de oare skûtsjes barde fan alles: trije skippen rekken de tonne (strafrûntsjes!); by Tony Brundel sloech in man oer board en de EHBO-boat moast in bemanningslid mei hertritmeproblemen fan 'De Jonge Jan' helje. Ditsoarte ûngemakken bleaunen 'it doarp Eastermar' gelokkich besparre en dus koenen de Fryske flagge én de doarpsflagge oan 'e fokkeloet en hysje mar.
De deiwinner fan 'e grutte A-klasse mei jûn it stêdskanon fan Sleat ôfsjitte. Dus Geale: KNALLE!
Ineke, jelly, Jildau en Sees zorgen iedere dag voor de catering
Traditioneel kanonschieten voor de winnaar
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze »