Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid en Roekoepolle. Dêrmei wol moai syld en goed meidien, mar dochs hienen de mannen graach de IFKS-wike sile wold. Osa spitich, mar it koe en wie net oars.
Dêrom saterdei 6 nov. mar oan 't wurk mei bemanning en de fa. Brouwer&Brouwer BV om it doarp Eastermar winterklear te meitsjen. De kraanmasinist fan BBBV hat syn bêst dien om de wedstriidmêst te wikseljen mei de 'âlde' mêst sadat meikoarten ek de sfearfolle winterferljochting oanbrocht wurde kin. De swurden, it roer, de gyk en de lier binne fan 't skip helle. Foar de weromreis nei it bedriuw koe de kraan tagelyk de gyk meinimme (foto) nei de loads fan bemanningslid Okkema.
Dêr wie earder de 'âlde' mêst weihelle om pleatst te wurden. Wedstriidmêst, swurden, roer en noch wat oare houten ûnderdielen krije dizze winter wer in lakbeurt sadat dy der kommende maitiid wer 'spic-en-span' útsjogge. Doe't de 'âlde' mêst omheech set wie (foto) wie it measte wurk op 'e Snakkerbuorren wol dien.
Op 20 nov. sil it doarpsskûtsje by de brêge lizze en kin ljochtmaster Oebele Brouwer mei syn helpers de ferljochting oanbringe. Altiten in prachtgesicht yn 'e tsjustere moannen fan it winterskoft.
En... net te ferjitten: Stemmers en Rabobank bedankt voor de geweldige steun. Wij mogen een bedrag van € 1195,85 ontvangen via Rabo ClubSupport.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »