Nei in tige suksesfolle IFKS-wike mei as resultaat it beheljen fan it kampioenskip yn de A-klasse, komme skipper Geale Tadema, bemanning en skûtsje it doarp Eastermar fannemiddei (snein 26 aug.) oan yn har thúshaven oan de Lits, Eastermar.
Dat sil barre om 17.00 o. en der wurdt oanlâne op rekreaasjeterrein ‘De Komerk’. Foar bemanning en oanhing is troch de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) in feestlike ûntfangst regele, dy’t nei in wolkom op ‘e wâl, trochset wurdt yn it doarpssintrum op doarpsplein It Breed, by Herbergh De Parel.
Belangstellenden binne fan herte wolkom.

applausvoordeEa

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: