It stiftingsbestjoer fan ús doarpsskûtsje is sa wiis as in protter: Brouwer & Brouwer ha oanjûn noch trije jier de rol fan haadsponsor ferfolje te wollen. De hearen Rienk en Albert Brouwer ha dat de ôfrûne wike stal jûn troch it tekenjen fan in nij kontrakt dat rint oant mids 2019 (sjoch foto). Rienk en Albert ha dat dien mei deselde motivaasje as trije jier lyn: “Wy fine dat ferbining tusken ús bedriuw en ‘it doarp Eastermar’ tige sinfol is. Fanâlds wie in skûtsje ít ferfiermiddel om grûn fan it iene nei it oare plak te bringen en de basis fan ús aktiviteiten leit ek yn it grûnferset. Fierder fine wy it fan belang dat wy as Eastermarder bedriuw fernimme litte dat wy it promoaten fan ús doarp in goede saak fine. De ôfrûne trije jier ha ús goed foldien en wat dat oangiet is der gjin beheining om nochris sa’n perioade troch te gean."spo
De Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) wie by de tekensessy fertsjintwurdige troch de foarsitter, dy’t ek de foto makke. Hy spruts syn wurdearring út foar de positive ynstek fan B & B.
Fierder wiist hy hjirby de lêzer fan dit stikje derop dat it hiele skala oan sponsors te finen is op dizze hiemside ûnder de ‘knop’ ferienings en dan St. It Eastermarder Skûtsje oanklikke.
Wijbe Postma (foarsitter)
-
- Informatie
- 11 september 2026
Rabo ClubSupport actie ‘Stichting It Eastermarder Skûtsje’.
Vanaf 7 september kun je op ons stemmen! Stichting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan de Rabo Club... Fierder lêze » -
- Informatie
- 08 augustus 2026
Krekt gjin poadiumplak foar Skûtsje Ea
Under grutte belangstelling fan in moaie groep Eastermarders op 'e dyk by de Lemmer wie it hjoed de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 30 juni 2026
Útslach ferlotting skûtsje It Doarp Eastermar
Utslach fan’e ferlottingfoar skûtsje It Doarp Eastermar. Op de bradery mei it doarpsfeest.De tredde... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 april 2026
Skûtsje “it doarp Eastermar” weer begonnen met trainen.
Vorige week zondag en afgelopen zondag waren de eerste trainingen van “it doarp Eastermar” met de be... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 april 2026
Stichting It Eastermarder Skûtsje neemt na 20 jaar afscheid van penningmeester Evert Lijzenga.
Vorige week donderdag hebben we op een warme en feestelijke manier afscheid genomen van Evert Lijzen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 april 2026
Skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar voor het nieuwe seizoen
Vorige week zaterdag is het gelakte houtwerk; de mast, het roer, de zwaarden enz. teruggeplaatst op... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze »


