Lykas alle jierren stiet der in krystbeam op it Breed
en is de krystsfear yn it doarp kompleet.
It ferkear moat mar probearje
en om de beam hinne lavearje
Want in beam op ús doarpsplein
is aardich moaier as in parkearterrein
Dizze beam is betelle en fersoarge troch de O.V.E.
Dat is fan dizze ûndernimmers in geweldich idee

De ûndernimmers fan Eastermar
fan boubedriuw oant snackbar
binne de spikers dy’t ús mienskip bine
Jo kinne elk O.V.E. lid fine
yn dizze list mei bedriuwen
It is hast net te leauwen
hoefolle ûndernimmers der binne
en yn dizze lytse mienskip wurkje kinne

De O.V.E. docht noch folle mear
en stipet in tal aktiviteiten, kear op kear
Ek jo Eastermarder hiemstek kin yn prinsipe
net sûnder de jierlikse O.V.E. stipe
Sy binne al jierren de haadsponsor
en is dêrmei de finansjele motor
foar alle Eastermarder ynformaasje
en digitale kommunikaasje

Lykas alle jierren stiet der wer in beam op it Breed
en is de krystsfear yn it doarp kompleet.
Draai der net allinne omhinne
mar stean even stil en miskien kinne
jo genietsje fan dit symboal fan ljocht
dat de ûndernimmersferiening jo brocht
Want mei dizze beam wol de O.V.E. graach bydrage
oan noflike, gesellige, Eastermarder feestdagen!

 

krystbeam op it Breed

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen