Oprop Stichting Burgerkamp

De 'Stichting Burgerkamp' eksploitearret de kantine op it sportkompleks Burgerkamp. It deistich behear is yn hannen fan kantinebehearders, yn 'e mande mei in tal barfrijwilligers.
De sintrale figuer oangeande it behear is no Annie Renkema. Sy hat lykwols te witten dien der oan ‘e ein fan dit seizoen (juny 2013) mei op te hâlden. Foar har yn ’t plak sykje wy in opfolger/opfolchster. Dizze persoan moat in diploma 'Sociale Hygiëne' ha. De Stichting betellet, as dat nedich is, de koarte oplieding dêrfoar.
Foar it wurk krijt men in bepaald persintaazje fan de omset. Ha jo belangstelling dan kinne jo Jan Brander hjiroer benaderje: telefoan 06.20611718 of 472064.

I~000015

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: