Oare wike saterdeitejûn, 1 oktober om 19.30 o., sil yn ‘e sportseal de bûter jild jilde!
Dan iepenet boargemaster Eric ter Keurs de Doarpsfeiling 2011 mei de ferkeap fan in troch de gemeente beskikber steld keunstwurk.
Dêrnei sille de oproppers Jan Brander en Dries van der Ploeg de 96 oerbleaune kavels oan ‘e man besykje te bringen. De Eastermarders ha yn it hûs-oan-hûs besoarge feilingboekje al besjen kinnen wat der allegearre ûnder de hammer komt. Foar de besiters fan ús doarpshiemside hat de Kommisje Fûnswerving Burgerkamp no in ekstraatsje: de komplete kavellist – mei ôfbyldingen – is op de site te besjen. Wy tinke dat de gadingmakkers nei de kavels, èk dy fan bûten Eastermar, sa noch better sicht op it oanbod fan ‘e Doarpsfeiling ha. Op dy wize kin it doel fan ‘e ferkeaping: jild garje foar de needsaaklike ferbetteringen oan ‘e akkomodaasje fan ús sportkompleks ‘De Burgerkamp’ noch breder stipe krije.
Presintaasje kavels doarpsfeiling Eastermar op 1 oktober
De K.F.B.
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juni 2025
Feest bij De Marko’s: Nieuwe batons
Nieuwe batons voor de twirlers dankzij gulle sponsors! Glimmende ogen en grote blijdschap bij de twi... Fierder lêze »