Earste ynfojûn 7 maaie grut sukses
As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:
‘Jo kinne jo mar better tariede, op al dat wetter.
Komt it net hjoed, dan komt it letter.
Want Ea komt it wetter!’
De mienskipsrûmte sit stiiffol belangstellenden. Hielke jout mear dúdlikheid oer de plannen fan Stichting iepenloftspul Eastermar 2026. Yn de earste helte fan septimber 2026 komme der fiif foarstellingen mei elke kear 500 minsken publyk. Dêr gean wy foar!
Oan de plannen wurdt al hiel lang en hurd wurke mar, sûnder stipe en meiwurking fan de mienskip kin it net. Wy binne hjir allegear ambassadeurs.
Der binne in protte helpende hannen noadich en donateurs en sponsoaren binne fansels ek mear as wolkom. Foar hoe en wat kin men de socials, websites en takomstige nijsbrieven yn ‘e gaten hâlde.
Lokaasje
Der is in pracht plak fûn: Linksom by de haven fan Foppe Antonides del, yn it hoekje tsjin de Lits oan en foar it boarterstúntsje oer. Dêr komt it téater en de tribune. Doe ‘t Foppe de fraach krige wie syn antwurd koart: ‘Ja! Goed!’
It ferhaal
Nei lang harsenskrabjen is dit unike ferhaal mei-inoar ta stân kaam. Der wurdt útsoarte noch hurd oan wurke en skaafd. Miskien is it eigenwiis en ambisjeus dat der net in besteand ferhaal oanskaft is. Mar dat it eigenmakke is binne wy best grutsk op.
Skriuwer Rienk krijt nachs wolris besite fan ien fan de personaazjes. Dan mar gau achter de laptop en de gedachten fêstlizze. En op ‘e Achterwei kinst him soms praten hearre wylst der net ien by him is? Jawol! Hy lit in persoan út it stik sprekke! Jappy?
Tema’s
Tema’s binne ûnder oare: polarisaasje, mienskip, leafde, klimaat. It stik wol ek in oade oan ‘e skûtsjesilerij wêze.
Rienk lit in skitterjende eigenmakke trailer sjen.
Drûchkloaten en Wetterhûnen
Op dúdlike wize jout Wietske noch krekt wat mear ynformaasje oer it ferhaal.
Dat spilet him nammentlik ôf yn de takomst. Der binne op dat stuit noch mar twa partijen: de roppers en razers mei disel yn it bloed en deselden mei in soad gefoel foar alles en noch wat en foaral foar it klimaat. De bynammen binne de Drûchkloaten en de Wetterhûnen.
Se hawwe totaal gjin kontakt mei-inoar. It akkordearret foar gjin meter ...
Drûchkloat fan de earste oere is Jappy. Syn dochter Richt sjocht it absolút net mear sitten by dy Drûchkloaten.
It slagget har om oer te rinnen nei de Wetterhûnen. Konsternaasje!
Wat bart der allegear? Hoe rint dit ôf? Wa kin oer eigen skaad stappe?
Tsjaa, mear details wurde der nèt priis jûn.
Audysje/ repetysje
De audysjes binne yn oktober.
Hoefolle spilers mei wat foar karakters noadich binne, wurdt letter noch dúdlik makke.
Nei de simmer kin ek dúdliker oanjûn wurde wat rol der is foar figuranten, muzikanten, sjongers of eventueel koar.
2026
It is de bedoeling dat de repetysjes begjinne yn de iere maityd fan 2026 èn sawysa yn augustus.
Yn ferbân mei fakânsje moat in soarte fan simmerstop mooglik wêze, jout regisseur Sjoerd oan. Hy wol ek mei klam kwyt dat hy net per definysje allinne spilers siket mei in bulte erfaring. Fierwei it belangrykste is datst it hielendal sitten sjochst, motivearre bist en der wille oan belibbest.
Oanmelde frijwilligers
Oanmelde kin fia it frijwilligersformulier.
Wêr kinst/ wolst (miskien) by helpe? Of witst it noch net krekt? Alles kin op dizze list oanjûn wurde.
Automatysk op 'e hichte bliuwe fia ús nijsbrief? Hjir kinst dy ynskriuwe.
En ja! De titel fan it stik is: Ea komt it wetter!
Iepenloftspul Eastermar
iepenloftspul-presintaasje-8-5-25












