Sûnt freed 2 augustus wurde de wettertoeristen wer hertlik wolkom hjitten yn Eastermar. TIP-bestjoersleden Douwe Brouwer en Wijbe Postma hawwe it nije, troch Doarpsbelang levere, wolkomstboerd teplak set.

Dat wie noch in hiel ûndernimmen mei in heech Buurman & Buurmangehalte. It opstelde draaiboek blykte yn 'e praktyk net te brûken: it nije boerd wie lytser as it âlde, dat ien fan de peallen moast ferset en dat yn sompige, sûgjende feangrûn...!

Ferskeidene buien op 'e kop en twa kear stronttrochwiet nei hûs om oar of fergetten ark. Mar it boerd stiet en is fuort mar seremonieel ûntbleate.
AJETO, ynoarder!

Wolkom yn Eastermar Boerd

Foto's makke troch Douwe Brouwer

Ander nieuws van Doarpsbelang:
Ek nijsgjirrich: