Achte bestjoer fan Doarpsbelang Eastermar,
Miskien hawwe jim it al sjoen, mar ferline wike ha wy by it op 'e nij straten fan de nijbou in ferkearsdrompel oanlein. It like ús goed, jim op de hichte te bringen fan dat feit, en de reden wêrom keazen is foar itjinge dat makke is. Wichtichste reden foar oanlis fan de drompel is de boarterstún.
Benammen minsken dy't út it nijbou-wykje komme, ha gjin sicht op bern dy't eventueel by de boarterstún wei komme. Troch de ferkearsdrompel wurdt de gong remme op it punt dêr't it sicht min is.
Wy ha bewust foar in koarte ferkeardrompel keazen, om't dy better de gong remmet as in krúspuntplato (dy soe hjir wol hiel grut wurde). Fierder ha wy op de trochstek keazen foar oanlis fan in 'echte stoepe' ynstee fan in rabatstrook dy't earder de bedoeling wie. Sadwaande is de trochgong foar de auto wat nauwer, it sicht nei boarterstún wat better en meie auto's dêr net stean.
Mei freonlike groetnis,
Jens Zeemans (gem. Tytsjerksteradiel)
-
- Informatie
- 19 december 2022
Vandalisme by 'It Swimplak'
Beste dorpsbewoners, afgelopen week zijn de prullenbakken bij 'It Swimplak' opgeblazen met zwaar vuu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2022
Doarpsbelang Eastermar
Het bestuur van Feriening foar Doarpsbelang Eastermar heeft zich in de afgelopen periode met een aan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 september 2022
Schildertalent gezocht
Doarpsbelang heeft de volgende oproep: Op de kruising van de Achttienenweg en de Zwarteweg staat een... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 april 2022
Algemene ledenvergadering 12 mei 2022
Algemene ledenvergadering Doarpsbelang Eastermar Op: donderdag 12 mei 2022Om : 19.30 uurLocatie: Geb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 maart 2022
Zaterdag 19 maart a.s.: Himmeldei
Op 19 maart a.s. is de Himmeldei in Eastermar. Hiermee sluiten we aan bij de Landelijke Schoonmaakda... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 mei 2021
Doarpetoer!
Samen met u willen de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel de sociale basis in onze dorpen v... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 september 2022
Containerdrummers drummen buurt wakker
De containerdrummers van De Marko's openden de burendag van Buurtvereniging 'De Kamp' in Eastermar... Fierder lêze »