O P R O P !
Kommende simmer wurdt it Eastermarder feest foar de 40e kear hâlden, reden foar de feestkommisje om de organisatoaren fan doedestiids te freegjen wat fan dy begjinperiode sjen te litten. De feestkommisje fan 1973 besteande út Koos Benedictus, Lieuwe Zeilstra, Tabe van Dekken, Tsjip de Vries, Dries Wagenaar en Doede Veeman binne hjir posityf op yngien. It doel is om yn de loads dêr’t eartiids it feest hâlden waard in eksposyje yn te rjochtsjen mei foto’s en films fan de doarpsfeesten yn de santiger jierren. Tongersdei 27 juny wurdt dy tentoanstelling dan iepene as it doarpsfeest útein set. De feestkommisje ’73 sil dêr dan bywêzich wêze om mei belangstellenden ferhalen en anekdoates op te heljen nei oanlieding fan dit byldmateriaal. De feestkommisje’73, ropt dan ek eltsenien dy’t noch foto’s of filmkes fan de doarpsfeesten fan doe hat om efkes kontakt op te nimmen mei Tabe van Dekken, E.M.Beimastrjitte 60, tillefoan (0512)-471531. De foto’s en filmkes dy’t foar de útstalling brûkt wurde kinne, wurde dan earst digitalisearre, opnij útprinte en/of op DVD set, sadat de orizjinelen feilich by de eigners bliuwe. Hawwe jo noch wat materiaal lizzen: jou dan efkes lûd!!
Feestkommisje ‘73
-
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Gerbrich & It Grutte Guod t.b.v. World Servants
Op donderdag 4 april treden Gerbrich & It Grutte Guod op met hun programma Trav'lin in the footsteps... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 04 maart 2024
Uitnodiging Ea bloeit
Op 31 januari j.l. vond in het ‘Mienskipshûs’ (De Kjellingen) een informatie- en meedenkavond plaats... Fierder lêze »