De iepening fan ús koöperative sinnedak dat we mei it doarp dellein ha op it dak fan maatskip Atsma yn Eastermar, wie op sneon 30 novimber.
De bern fan de kuorbal- en fuotbalferiening hawwe ús holpen mei it ynsiedzjen fan 21 ferskate wylde blommen. Goed foar de bijen.
De 200 panielen leverje sûnt 23 oktober 2019 duorsume griene enerzjy. Wat dit jier begûn mei twa ynfojûnen yn ús doarpsskoalle yn febrewaris en maaie, mei dit resultaat! En dit is noch mar it begjin. Wy wolle as doarp yn 2030 enerzjyneutraal wêze. Meielkoar duorsum yn beweging.
Dat is Enerzjyk Eastermar. Jo dogge dochs ek mei?
Enerzjyk Eastermar, opening zonnedak
foto's: Enerzjyk Eastermar