Krekt as de measte minsken hie ek it Mienskipshûs simmerfakânsje.
Dêr kaam op 24 augustus in ein oan mei de start fan de EA Bloeiwike. Dat ha we witten, omtrint alle dagen wie der wol wat te dwaan yn it Mienskipshûs.
En dêr binne we bliid mei, in hiele protte minsken ha yn dy wike foar it earst, en hooplik net foar it lêst, yn it Mienskipshûs west.
Wat der allegearre te dwaan wie kinne jim fêst wol yn de Marnijs lêze, mar in pear dingen wolle we wol eefkes neame. Op tongersdei hiene Lokaal Loket en wurkgroep it Mienskipshûs de Langste Tafel organisearre. Om fiif oere stie it Breed fol mei lange tafels en banken, om healwei seizen stiene de buffettafels fol mei fan allerhande gerjochten en sochten de makkers dêrfan in plakje oan de tafels. En wat waard der lekker iten. Doe’t nei in skoftsje de jeugd nei it lasergamen ek noch oanskode foar in bakje patat wie it alhielendal in gesellige boel. In grut súkses dus.
Freedtemoarn stie der al wer wat op it programma foar Lokaal Loket en wurkgroep it Mienskipshûs, in spultjsemoarn yn it Mienskipshûs.
Under it genot fan kofje of tee mei wat lekkers en muzyk fan Timme Koudstaal mei in pear fan syn learlingen, koe der fan alles dien wurde, skake, damje, kaarte, sjoele, rummikuppe en noch folle mear.
Ek wie der in workshop bridgen û.l.f. Freark Hamstra. Nei oanlieding fan dizze workshop sil Freark Hamstra bridgelessen jaan yn it Mienskipshûs.
Mear ynformaasje of opjaan:
info@mienskipshûs.nl
06 28301217 (Wilma de Vries)
Wy sjogge tefreden werom op de EA Bloeiwike.
Op 14 septimber is it Mienskipshûs ûnderhannen naam troch in tal warbere froulju en is no wer sa skjin as de brân.
Aktiviteiten foar de kommende winter:
De stoelyoga is kommen te ferfallen omdat Jantine hjir troch oare drokte gjin tiid mear foar hat. Spitich mar it is net oars.
Ek de itensierderij mei Floor, ien kear yn ‘e moanne, giet foarearst net troch. Mocht hjir wer feroaring yn komme, dan litte we dat fansels sa gau mooglik witte.
moandei | Sosjaal Miel (2e moandei f.d. moanne) |
10.00 – 13.30 (Lokaal Loket) |
moandei | Frijút Frysk prate | 14.00 – 15.00 |
tiisdei | Klaverjassen | 13.30 – 17.00 |
woansdei | Hantwurkgroep (ûneven wiken) |
09.30 – 11.30 |
tongersdei | Kreative moarn foar alle leeftiden | 10.00 – 12.00 |
freed | Kofjedrinken | 10.00 – 12.00 (Lokaal Loket) |
freed | Digitale help (lêste freed f.d. moanne) |
10.00 – 12.00 (SeniorWeb) |
Timme Koudstaal jout muzyklessen yn de Beltsjeblom en de bibleteek yn de Tuorrebout is iepen at de doar fan it Mienskipshûs ek iepen is.
Foar mear ynformaasje oer it Mienskipshûs: https://mienskipshus.nl