By in grut part fan de doarpsgenoaten ha bestjoersleden fan SIES, bemanningsleden fan it 'doarp Eastermar' en oare skûtsjefreonen oan 'e doar west om de skûtsjewyn oan ‘e man/frou te bringen.
Dy wynaksje sloech by de klanten sa oan dat al fóár de krystdagen de wynfoarrie OP (!) wie. Sadwaande kamen guon sutelders raar mei de kloaten foar it blok, om marris in skûtsjesiswize te brûken. Hja koenen har rûte net ôfwurkje…
Mar… der is hoop: yn ‘e rin fan dizze moanne wurdt de foarrie wer oanfolle en dan komme de drûchsteande strjitten oan bar. Dus gjin panyk, de wyn komt mei in pear wike út de goeie hoeke.
Stifting It Eastermarder Skûtsje,
Wijbe Postma, foarsitter