Jaap Veenstra, sjeas- en koetsebouwer út Kollum, hat ús koets ûnder hannen hân. Underdielen dy’t oantaast wiene troch houtwjirm binne ferfongen en fierder hat de hiele koets in houtwjirmbehanneling hân. Ek de skurve plakjes binne byferve. It hat efkes duorre mar no kinne we ek wer in skoftsje foarút.

Bestjoer Utfeartferiening De Laatste Eer

IMG_0314