Doarpsrûnlieding Dam Tour set útein mei Eastermarders op 17 maaie! 

Hoe krige Dam Jaarsma safolle minsken oan 'e praat? Hoe krige er it foar inoar safolle saken te sammeljen? En wat binne foarbylden fan soksoarte ferhaaltsjes? Wat dreau de beste man? Dit en noch folle mear oer dizze bysûndere doarpsgenoat is te fernimmen tidens de Dam Tour, organisearre troch Stifting 100 jier Dam Jaarsma. De Dam Tour is in kuiertocht mei in gids en duorret ûngefear oardel oere.

 Saterdeitemiddei 17 maaie is de earste kear en dit wolle wy fiere mei ús doarpsgenoaten! 

Eastermarders binne dan ek fan herte útnoege om de earste Dam Tour mei te meitsjen. Jong en âld binne tige wolkom. Lit jim ferrasse! Jou jim op!

1ste Dam Tour
Datum: 17 maaie
Tiid: 14.30 oere
Plak: Komerk
Kosten: fergees

Opjefte graach fia it formulier op it tabblad 'opgave dorpsrondleiding' op www.damjaarsma.nl

Nei 17 maaie is de Dam Tour elke saterdeitemiddei om 14.30 oere en op tiisdeitejûns om 19.00 oere. Ek tige geskikt foar personiels- of famyljeaktiviteit. Past saterdei of tiisdei net? Dan kin foar groepen en yn oerlis in oare tiid ôfpraat wurde. 

Nei de 'premjêre' op 17 maaie binne de kosten € 2,- p.p. Bern o/m 7 jier meie fergees mei.

Ja! De earste oanmelding fan in groep fan 20 persoanen (op Himelfeart) is al binnen!

Út namme fan
Stichting100 jaar Dam Jaarsma
Martsje Mud


Dorpsrondleiding Dam Tour gaat van start met Eastermarders op 17 mei!

Hoe kreeg Dam Jaarsma zo veel mensen aan de praat? Hoe kreeg hij het voor elkaar zo veel spullen te verzamelen? En wat zijn voorbeelden van zulke verhaaltjes? Wat dreef de beste man?

Dit en nog veel meer over deze bijzondere dorpsgenoot kan men horen tijdens de Dam Tour, georganiseerd door Stichting 100 jaar Dam Jaarsma. De Dam Tour is een wandeltocht met een gids en duurt ongeveer anderhalf uur.

Zaterdagmiddag 17 mei is de eerste keer en dit willen we vieren met onze dorpsgenoten!

Eastermarders zijn dan ook van harte uitgenodigd om de eerste Dam Tour mee te maken.
Jong en oud zijn van harte welkom. Laat u zich verrassen! Geef u op!

1ste Dam Tour
Datum: 17 mei
Tijd: 14.30 uur
Vertrekpunt: Komerk
Kosten: gratis

Opgave graag via het formulier op het tabblad 'opgave dorpsrondleiding' op www.damjaarsma.nl.

Na 17 mei is de Dam Tour elke zaterdagmiddag om 14.30 uur en op elke dinsdagavond om 19.00 uur. Ook zeer geschikt voor personeels- of familieactiviteit. Kunt u zaterdag of dinsdag niet? Dan kan voor groepen en in overleg een andere tijd afgesproken worden.
Na de 'première' op 17 mei zijn de kosten € 2,- p.p. Kinderen t/m 7 jaar mogen gratis mee.

Ja! De eerste aanmelding van een groep van 20 personen (op Hemelvaart) is al binnen!


Namens
Stichting 100 jaar Dam Jaarsma
Martsje Mud

DJ-logo-260px

 

 

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: