Freed 11 april 2014. Einlings is it safier: hjoed sil it Dam Jaarsmahûs ‘syn’ namme op ‘e gevel krije.
Om likernôch 15:30 oere binne ik en allegear oaren útnoege yn ‘Meerzigt’. By de doar stiet it besjoer fan de Stichting 100 Jaar Dam Jaarsma ús op te wachtsjen. Nei in bakje kofje of tee hjit Sharon van Beek, de hjoeddeiske bewenster fan it Dam Jaarsmahûs (tegearre mei Gosse Koopmans), ús wolkom. Dêrnei sprekt Iris Rusz har tank út oan de oanwêzigen en dy binne der manmachtich. Fan famylje oant sponsoaren, fan dûmny oant útjouwer en dan hawwe wy it noch net iens hân oer de fertsjinwurdigers fan Pleatslik Belang, lju fan it komitee fan oanbefelling, it Meertens  Instituut en gemeenten.

ûntbleating gevelstien troch Houkje Rijpstra

Wat begûn as in brainstoarmjûn yn novimber 2012 is úteinlik wurden ta in hiel Dam Jaarsmajier. Mei aktivieiten yn Eastermar, aktiviteiten yn Ljouwert (Tresoar), Drachten (museumDr8888) en sels Amsterdam (Meertens Istituut).
Om likernôch fjouwer oere sette wy ôf nei it Dam Jaarsmahûs. Oan ‘e sydgevel, dêr’t de kezinen noch rûke nei ferve, hinget in kleurich doek. Op ‘e strjitte stiet ek in moaie groep Eastermarders te wachtsjen. Ferkear moat mar eefkes omride, hjir sil it heve fannemiddei. Oan Houkje Rijpstra, wethâlder fan gemeente Tytsjerksteradiel, de ear om de gevelstien te ûntbleatsjen. It is in moaie wite stien  mei dêrop de tekst ‘bertehûs fan Dam Jaarsma, 1914 – 1991, Frysk dichter, skriuwer & folksferhalesamler’. De stien docht rjocht oan de man Jaarsma, hy is moai yn al syn ienfâld. Houkje Rijpstra fertelt oer wat se yn de gemeenteargiven fûn hat oer Dam Jaarsma en priizget dit inisjatyf fan de Dam Jaarsma Stichting. De trije bruorren De Jong, omkesizzers fan Dam Jaarsma, komme noch op ‘e foto ûnder de gevelstien.

Hjirnei sette wy mei ús allen ôf nei de ‘Kjellingen’ dêr’t Auke de Jong de eksposysje iepenet fan materiaal dat troch Dam Jaarsma sammele is. "Iens in samler altiten in samler", seit Auke en hy kin it witte seit er: "it sit yn ‘e famylje." Mar wat meie wy de famylje tankber wêze, dat hja alles wat wy de kommende tiid besjen meie bewarre hawwe. Wat in skat oan guod! 
Margreet Eversen, de gearstaller fan de eksposysjes jout útlis. De hal yn ‘e ‘Kjellingen’ en de eksposyje yn it sealtsje binne prachtich ynrjochte, profesjoneel, dúdlik. Hjir is hiel wat wurk fersetten!  Der is sels in stik ynrjochte as filmhûs. Ik, sjoch my de eagen út. ‘De samler foar it neiteam’ hat folle mear samle as allinne de folksferhalen. Wêr moat ik begjinne? Yn ‘e hal hingje ynformaasjepanielen oan ‘e muorren. Yn ‘e oare romte steane fitrines mei houten skoalletassen út ‘e 18e en 19e ieu, dêrûnder steane âlde klompkes en skuontsjes. Der steane fitrines mei puzels, guon noch mei de hân seage. Ien fan de puzels is ien fan de fiif âldste yn Nederlân en it moaie is, dat it in puzel fan Fryslân is. Kwartetten, in herbarium mei oan ‘e wand metalen botaniseartrommels wêryn't materiaal út ‘e natoer yn meinommen waard. In laai, in griffel, in berneservys... wêr moat ik begjinne en ophâlde? Oan 'e ein is der in stik fan 'e ekposysje ynrjochte as wenkeamer, mei it guod út ‘e wenkeamer fan Dam Jaarsma. It is as stap ik yn ‘e tiid werom. Oer de flier lizze fersliten perzen, op it tafelskleed stiet syn teepot op in teeljochtsje. Syn kastke mei boeken, as koe er der sa wer ynkomme en op syn stjoel sitten gean. Syn bûsboekje fan 1990 leit noch op ‘e tafel. Wy meie der sels oankomme. Ik hâld it yn myn hannen, sjoch kranteknipsels út dy tiid, rou-advertinsjes. De ôfspraken dy’t er hie. Wat bysûnder! Ik beslút dat ik hjir ynkoarten wer hinne moat, der is noch safolle te sjen. Ik wol noch yn it laadsje fan syn boekekast sjen, de postsegelboekjes dy’t er brûkte om oantekeningen yn te meitsjen, troch sjen… Miskien wol ik sels wol eefkes oan syn tafel sitte.

Utstalling yn de Kjellingen

No meitsje ik romte foar Omrop Fryslân dy’t Auke de Jong ynterviewe sil en gnyskje ik omdat Auke tsjin de minsken fan Omrop Fryslân seit: "Eefkes wachtsje, ik bin noch mei dizze frou yn petear." Ik sis: "Makket neat Auke, wy prate wol wer, ik kom noch wolris by dy del." It koetshûs by syn pleats is nmtl. ek ynrjochte as eksposysjeromte. Soe dizze omkesizzer dochs noch mear fan syn omke hawwe? Neffens my joech dy ek neat om al dy fratsen deromhinne en gie er gewoan syn eigen gong.

Yn tinzen wei fyts ik troch de buorren, op nei it  Dam Jaarsmahûs dêr’t de flagge wapperet. De sinne makket fan dizze dei in feestdei. Ik stean noch eefkes foar de beskieden mar moaie gevelstien en tink oan de man dy’t hjir eartiids foar it rút siet te skriuwen; ik sjoch him noch sitten. Hy hie fêst skodholle en sein: "Wêr haw ik dy ear oan fertsjinne?" Mar mei dizze stien is rjocht dien oan de man, de ‘samler foar it neiteam’. Want wat hat er wat foar ús bewarre...
 
Wolle jim ek meigenietsje, gean dan by de eksposysjes lâns, se binne eltse saterdei-te-middei iepen fan 13:30 oant 16:30 oere en op oanfraach. Der binne dan suppoasten dy’t jim fan alles oer Dam Jaarsma en syn samling fertelle kinne. Foar ynformaasje en groepsbesites op oare dagen kinne jim altiten terjochte op damjaarsma100@eastermar.nl of www.damjaarsma.nl
Of folgje op Twitter: @100jrdamjaarsma

Gerbina Prins-de Graaf    

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: