Information
Publisearre: 31 december 2014 | Kategory: Nieuws van st. Dam Jaarsma
It Breed

Dam Jaarsmaplein hyt wer 'Breed'

Under alderheislikst lûde knallen doopte Jan Wind, foarsitter fan de Feriening foar Doarpsbelang Eastermar, yn 'e foarige âldjiersnacht it Breed om ta Dam Jaarsmaplein. It betinkingsjier 2014 sette útein.

Yn Eastermar, mar ek fier dêrbûten, wiene in protte minsken dwaande dit jier ta in sukses te meitsjen. In soad frijwilligers wurken mei, der waard in geweldich moaie 1 aprilgrap betocht en wy hiene nea dreame kind fan safolle mediaoandacht.

Eksposysjes, rûnliedingen en foarstellingen wienen te bewûnderjen; der kaam in moai boek út en ek binne skoalbern yn 'e kunde kaam mei wurk en libben fan dizze 'samler foar it neiteam'. Wat in aktiviteiten! Wat in omtinken en reaksjes! Alle oandacht resultearret wat ús oanbelanget yn 'e takomst yn bliuwende aksjes.

It buordsje Dam Jaarsmaplein is ûngemurken ferwidere. De betinking fan 100 jier Dam Jaarsma yn 2014 hat west en it Breed hyt wer it Breed.

Graach jouwe wy it stokje mei feestlikheden troch oan de Feriening foar Doarpsbelang Eastermar, dy't yn 2015 100 jier bestiet. In protte sukses en plezier tawinske!

Mei freonlike groetnis,
it bestjoer fan Stichting 100 jaar Dam Jaarsma,
Iris, Harmke, Sharon, Willem en Martsje

DJplein wordt weer it Breed 1 DJplein wordt weer it Breed 2

DJplein wordt weer it Breed 3

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma:

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!