Dat dorpsgenote Ineke van der Heide goed kan schrijven hebben we vele jaren mogen lezen in de BREEDút. Dat haar schrijverstalenten ook buiten het dorp bekend zijn bleek vorige week maar weer eens.

Inekes verhaal over de worsteling van de Wâldpyk met water is één van de 10 beste inzendingen van de volksverhalenwedstijd van gemeente Achtkarspelen. De gemeente wil graag het Friese verhalen-erfgoed levend houden en schreef daarom een volksverhalenwedstijd uit ter gelegenheid van het Dam Jaarsmajaar. De sfeer van de tijd van beroemde verhalenvertellers als mollenvanger Andries Bijma blijkt ook tegenwoordig nog volop te vinden in de Wâlden.

Het door Ineke geschreven verhaal Wrakselje mei wetter is gepubliceerd in Erfguod fan juster foar hjoed, een klein, leuk geïllustreerd boekje met volksverhalen. Het boekje is te vinden in de bibliotheken in de gemeente Achtkarspelen. Voor u hier alvast een voorproefje met het verhaal dat Ineke optekende uit de mond van één van haar buren. Lees hoe de Wâldpyk nog niet zo heel lang geleden worstelde met water, niet alleen ín het húske…

Zelf ook schrijfambities? Lever uw volksverhaal in via en wie weet wordt uw verhaal gepubliceerd op www.datwiedoesa.nl!

 

Wrakselje mei Wetter

De lêste sinnestrielen fan de dei glydzje oer it gea by de Mûntsegroppe. Willem, slaggerich griis hier en lang burd, fytst it sânpaad del. Hy sjocht my en bliuwt stean. Hy mei graach fertelle: “Tusken Mûntsegroppe en Jachtfjild stiene yn myn berne jierren, om 1950 hinne, fiif hûzen. Ik bin ien fan Rapke-Gryt harren fiif soannen. Skean efter ús stie it húske fan âlde Hindrik en Wipkje. Soan Wolter wie noch yn ‘e hûs.

Us heit-en-dy hienen in pomp. De put wie mei turf opset en der kaam lekker pompswetter út. Doe‘t it boppe-ein ferrotte wie, seage ús heit dy derôf en sette in houten bak mei deksel op de put. Mei in putamerke oan in ketting hellen we wetter út de put. De oare húshâldings hellen it drinkwetter ek by ús wei, om’t út harren pompen tanich wetter kaam. It âlde putamerke ferruste, der foel in gat yn. Us heit om in nijenien. Hy frege fan de oare brûkers om der oan mei te beteljen. In kwartsje de hûshâlding. Hindrik, hy rûn mei in stôk, woe der net oan meibetelje. Sûnt dy tiid hellen Hindrik en Wipkje harren drinkwetter út de sleat.

Hindrik syn pakesizzer en myn broer Wybe sieten ris by Hindrik en Wipkje. “Kofje?” “Graach!” Wipkje pakte har pruttel-kofjepot, helle it glêzen deksel der ôf, en geat wetter yn de pot. De kofjepot siet healfol doe‘t it stûke. Siet er in jonge kikkert foar de tute fan Wipkje har wettertsjettel. De jonges hoegden nea wer kofje fan Hindriks-Wip.

Alle hûzen hienen it ‘húske’ bûtendoar. By de spitkeet, it museum op‘e Harkema, steane se. Wolter fan Hindrik en Wipkje wie wat bangich. As it donker wie en Wolter moast yn it tsjuster nei ‘t húske, dan siet er altyd lûd te sjongen.

Yn in neisimmer hong de apelbeam fan Hindrik fol mei moaie reade apels. Ik der hinne. It wie tsjuster. De beam stie neist it hinnehok. Ik klom op it hok en skodde. Ynienen hearde ik de klink fan de doar. Der silst de âldman ha, tocht ik. Ik dûkte nei ûnderen en gong langút yn de rûchte lizzen, stiif tsjin it hinnehok. De doar gie iepen, dêr stie it âld minske. Se die de klompen oan, en betocht har…gjin gestroffel by neare nacht nei it húske … Se rûn nei it hinnehok en gie op ‘e hurken sitten. It spatte my omtrint yn’t gesicht.”

It lêste ljocht giet fan ‘e loft. Willem sil op hûs oan, draait him nei my ta en seit: ”Yn it lân neist ús hûs, sit in lichte. Dêr hat ek in de hûs stien. Dêr is al ris ien fermoarde. Us beppe song er fan: ”Hij die het was, de moordenaar, was vader van twee brave telgen.“ Dan slacht Willem syn skonk oer it sadel en ik sjoch syn efterljocht ferdwinen yn de donkere Mûntsegroppe. Ik hâld de siken yn…hear ik immen sjongen?

 

Ineke van de Heide, Mûntsegroppe, Boelensloane

Ineke web

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen