Op de middeis fan 4 en 5 september ha de basisskoallebern fan de groepen 5 oant en mei 8 fan De Balsemyn en De Bolster in soad heard oer en sjoen fan harren ferneamde eardere doarpsgenoat. Ald-skoalmaster Wijbe Postma fertelde de bern yn fjouwer gastlessen oer Dam Jaarsma.

Yn de wike dêrfoar hiene de bern fan beide skoallen ûnder lieding fan âld-skoaljuffer Boukje Annema-Larooi al in priuwke fan Jaarsma’s samlingen meikrige troch de útstalde rouattributen yn ‘e fernijboude tsjerke op ’t Heechsân te besjen.

Yn ‘e gastlessen fan Postma hearden de bern yn har lokaal earst wat oer libben en wurk fan Dam. Dêrby lei it aksint op syn dichtwurk, de aansichtesamling fan Eastermar en fansels de folksferhalen. By dat lêste sloegen de fantastyske ferhalen fan Jan Hepkes, de Baron von Münchhausen fan ‘e Wâlden en de avontoeren fan Sterke Hearke, de Herkules fan ‘e Wâlden, fansels bot oan.
De lessen waarden ôfsletten mei in besite oan ‘e Dam Jaarsma-útstalling yn De Kjellingen. Dêr koene de bern oan ‘e hân fan in tal fragen in idee krije fan de breedte fan Jaarsma’s ynteresses en Dams neiboude hûskeamer besjen.

In folgjende aktiviteit foar dizze basisskoallebern yn ‘t ramt fan it 100-ste bertejier fan Dam Jaarsma is it folbringen fan in opdrachtesirkwy troch it doarp op freedtemiddei 19 septimber.

 

Foto's KBS de Balsemyn

 422326-fc422327-fc422328-fc422329-fc422330-fc422331-fc422332-fc

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen