Mei-inoar herinneringen ophelje oer syn wurk en tiid fan libjen, mei Gosse Koopmans

 29 july 1914 is de bertedei fan Dam Jaarsma út Eastermar. De aktiviteit ‘Wat witte jo fan Dam Jaarsma’ wurdt op ‘e kop ôf 100 jier letter organisearre: 29 july 2014 kin ynteressant wêze foar ynteressearre minsken, âld én jong.

Jo kinne jo opjaan foar in gesellige middei dêr’t, ûnder it genot fan in kopke kofje of tee en wat lekkers derop ta, mei-inoar praat wurdt oer it wurk en de tiid fan samler, skriuwer en helppreker Dam Jaarsma út Eastermar.

Jo harkje leaver? Dan binne jo likegoed fan herte wolkom!

Wat witte jo noch fan dy tiid?

Hoe sit it mei dy moaie teltsjes en mearkes út de Wâlden? En de ferhalen oer wûnderdokters? Piter Poes? Aparte grappen en Adam hurdrider? Hawwe jo wolris heard fan mollefanger Anders Bijma út Boelensloane en Geeske Kobus-van der Zee út Nijegea dy’t safolle ferhalen oan Jaarsma fertelden? Kinne jo miskien fertellers út jo omjouwing?

Wa wit binne jo Dam Jaarsma wolris tsjinkaam en herkenne jo de âlde attributen, de plaatsjes dy‘t er sammele. Miskien hawwe jo sels ek wol in protte sammele...

Under de grif besieljende lieding fan keunstskilder Gosse Koopmans, dy’t no mei syn frou yn it Dam Jaarsmahûs wennet, wurde der moaie herinneringen ophelle sadat it foar elk in noflike middei wurdt!

Hawwe jo noch âlderwetske foarwerpen as bygelyks in kofjemole, in zand-zeep-soda-steltsje, in sjippeklopper of datsoarte fan saken, dan is it hiel aardich as jo dy meinimme. Kin der moai oer praat wurde! 

Datum: tiisdei 29 july om 15.00 oere

Tagong: Fergees

Plak: De Hege Stins yn Eastermar

Ynformaasje: Iris Rusz, foarsitter Stichting 100 jier Dam Jaarsma, 06 - 24 78 90 09

 

Graach opjaan mei in mailtsje nei: 

Dam Jaarsma-03

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen