mei nijsgjirrige rou-objekten út û.o. samling Dam Jaarsma

Dam Jaarsma sammele net allinne folksferhalen mar ek in hiele protte saneamde objekten. Yn gearwurking mei 'Tsjerkepaad' en de fernijde PKN-tsjerke De Hege Stins is fan saterdei 5 july oant en mei 13 septimber 'Chique Getreurd' te besjen: in eksposysje fan objekten dy't mei rou te meitsjen ha. Rourealia sa as klean, sieraden, spesjale servizen en sintsprinten. Ek binne der ôfbyldingen fan de âldtoer te sjen en is it trijelûk fan Aizo Betten tydlik werom yn Eastermar.

“Dû moatst allinne stjerre, freon,

Omdatstû minske bist.
..”

Ferhaleferteller Douwe Kootstra iepene de middei mei it foardragen fan Dam Jaarsma syn gedicht Allinne, dat ek op 'e roukaart stie doe't Jaarsma yn 1991 ferstoar.

DSCN0620 050714 DK 

Om't keunstner Aizo Betten, makker fan it trijelûk, fanwege sykte behindere wie, waard syn tekst foarlêzen troch Douwe Brouwer. Under in prachtich stik muzyk wie in aardich tal minsken der tsjûge fan dat Fokje van Dekken it trijelûk en dêrmei de eksposysje iepene.

Fragmint út de tekst fan Aizo Betten:
'Mijn bewondering voor Dam Jaarsma zit vooral in de vasthoudende continuïteit in het optekenen van volksverhalen en zijn andere werk, zijn sobere levensstijl en ogenschijnlijke eenvoud van zijn werk: IN DE BEPERKING TOONDE HIJ ZICH DE MEESTER.
Graag wil ik nu het zeer eenvoudig gecomponeerde muziekstuk ‘SPIEGEL IM SPIEGEL’ van Arvo Pärt, een componist uit Letland, laten horen als eerbetoon aan Dam Jaarsma. 
Tijdens de muziek wil ik graag de tentoonstelling ‘Chique getreurd’ openen door het 50 jaar geleden op initiatief van Dam Jaarsma door mij gemaakte drieluik voor de Vrijzinnig Hervormde Vereniging te openen, daarna is de tentoonstelling geopend.'

DSCN0636 050714

Ferbining

Foarsitter Iris Rusz fan de Stichting 100 jaar Dam Jaarsma stelde fêst dat ferskate saken op dit plak moai byelkoar komme en foar ferbining soargje. Hja betanke alle frijwilligers dy't hjiroan meiwurke ha en noege elk út de eksposysje en de fernijde tsjerke te besjen.

DSCN0612 050714 IR

Yn it koetshûs neist De Hege Stins stie de roukoets te pronkjen foar belangstellenden.

Oanslutend op ‘Fries Design’, de tentoanstellingen op fjouwer lokaasjes yn Fryslân, is ek hjoeddeisk 'Fries design' te sjen. De massyf houten meubels binne ûntwerpen van Gjalt Pilat. Se hearre ta de 'Famylje Collection' fan Pilat & Pilat. Ek binne der rouattributen fan samler Ysbrandt van Slooten.

'Chique Getreurd' is oant en mei 13 septimber te besjen op saterdeitemiddeis fan 13.00 – 17.00 oere as de tsjerke ek iepen is foar Tsjerkepaad. Der binne gastfroulju of -manlju oanwêzich foar fierdere útlis. 

Wolkom!

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen