Op de alderearste byienkomst fanwege in mooglik Dam Jaarsmajier waard it idee al oppere: in Dam-toernoai. Op 'e bradery by it doarpsfeest is der op it Harstepaed omtinken foar it Dam Jaarsmajier en ja, der is ek in Dam-toernoai! 

Wat kin men, behalven it damjen, noch mear oan aktiviteiten tsjinkomme op it Harstepaed op 28 juny?

Fansels is der ynformaasje èn de mooglikheid om it boek 'Mearkes út 'e Wâlden, sammele troch Dam Jaarsma' te besjen en te keapjen. It kostet € 29,50. In boek om te hawwen, kado te jaan, sels te lêzen of om foar te lêzen.

'De Kruidhof' út Bûtenpost stiet der mei produkten dy't makke binne fan krûden út eigen tún, sa as lavindel-, goudsjeblom- en sint-jansoalje en gastesjippe mei krûden út de botanyske tunen. Der is oandacht foar ferhalen, foar âlde spultsjes út de tiid fan Jaarsma, foar gedichten... en noch folle mear. Ek in grabbeltonne ûntbrekt net!

Lit jim ferrasse! Foar jong en âld is der wat te rêden en wolle jo efkes út de drokte fan de diskemerk? De eksposysje 'Dam Jaarsma, samler foar it neiteam' is mei de bradery oant middeis 15.00 oere iepen yn de Kjellingen! Folgje de Dam Jaarsma-eksposysjebuorden en de beachflags.

Graach oant sjen!

 

foto beachvlaggen

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen