Iepening  Dam Jaarsmajier 11 april 2014

Aldjiersnacht is mei in protte kabaal it Dam Jaarsmajier troch de foarsitter fan de Feriening fan Doarpsbelang Eastermar oankundige mei it omdopen fan it Breed ta: Dam Jaarsmaplein.

Op freed 11 april is it jier no offisjeel út ein set troch it ûntbleatsjen fan de prachtige gevelstien oan it Dam Jaarsmahûs, it iepenjen fan de eksposysje yn de Kjellingen en de premjêre fan it filmportret yn Meerzigt.
Wat ús oanbelanget wie it in tige slagge dei. Safolle frijwilligers dy’t dit mooglik makke ha! Efter de skerms bart in protte! Tank! Safolle gasten, sprekkers, doarpsgenoaten dy’t in positive bydrage leveren. De strjitte fol fleurige minsken. Sels it waar wurke mei! En wat ha wy in protte aardige wurden en wolmiende felisitaasjes krigen.

Elkenien tige, tige tank!

No binne wy bekaam fan de feestlikheden en hawwe allang beide fuotten wer op ’e grûn. Dat moat ek wol want der is noch folle mear wurk oan ‘e winkel, it jier is noch net foarby!
Wa’t it filmportret noch net sjoen hat kin eltse saterdeitemiddei tusken 13.30 en 16.30 oere terjochte yn de Kjellingen, fansels ek om de eksposysje te sjen. Op deselde tiid is der ek in eksposysje fan û.o. porslein yn it Koetshûs by de pleats fan Auke de Jong oan ‘e Swartewei 2.
Hâlde jim nijsberjochten en aktiviteitekalinder yn ‘e gaten?
Nochris tige tank!

Mei in hertlike groet fan
it bestjoer fan Stichting 100 jaar Dam Jaarsma
Harmke, Iris, Sharon, Willem en Martsje

dj-iepening

dam jaarsma gevelstien

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen